De wytkopein (Oxyura leucocephala) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e seis soarten fan it skaai stikelsturten (Oxyura).
Beskriuwing thumb|left|Jerk en sijke. Folwoeksen jerken ha in griis en readbrún bealchje, in blauwe snaffel en in, foar it meast wite kop mei swart boppe it each op 'e krún en yn 'e nekke. Folwoeksen sijkes ha in griisbrún bealchje, in wite kop en in donkerder snaffel, in swarte krún en in donkere streek fan 'e snaffel oer it wang. Wytkopeinen ha in puntige sturt dy't faak rjocht oerein stiet. De fûgels wurde 43 oant 48 sm grut en wege 58 oant 750 gram.
Fersprieding thumb|left|De fragmintearre briedgebieten fan 'e wytkopein. Wytkopeinen briede yn Spanje en Noard-Afrika en ha in grutter ferspriedingsgebiet yn westlik en sintraal Aazje. It briedbiotoop bestiet út gruttere wettergebieten, lykas marren en puollen of opslachmarren mei tichte seames fan wetterplanten foar de beskerming en nêstplakken. Noardlik fan it briedgebiet wurde regelmjittich waarnimmingen fan 'e soarte dien, mar lykas faker it gefal by wetterfûgels kinne sokke waarnimmingen op ûntsnapte fûgels basearre wêze.
Iten De fûgels dûke en swimme ûnder wetter. Se ite alles, mar planten foarmje de haadsaak. Se fleane net gau en swimme leaver nei dekking.
Status Oan it begjin fan 'e 20e iuw bestie de wrâldpopulaasje nei alle gedachten út mear as 100.000 fûgels. Yn 1996 wie dat oantal neffens rûzing (Green en Hunter) sa'n 20.000. Sûnt waard oannommen dat de oantalle oant likernôch 8.000 oant 13.000 fûgels (Li en Mundkur 2003) sakke wiene. In besteklike telling fan 20.000 fûgels yn Kazachstan yn 2016 soe betsjutte dat dy eardere rûzing te leech west hat. In soad fan 'e tebekgong is feroarsake troch it ferlies oan biotoop en de jacht.
De genetyske diversiteit fan 'e West-Europeeske populaasje is suterich. De oarsaak dêrfan is dat der oan it begjin fan 'e jierren 1980 noch mar inkelde tsientallen fan 'e soarte yn it wyld oerbleaun wiene. Yn 2018 wie de Spaanske populaasje troch effektive beskerming dêr fan 22 nei 2500 eksimplaren groeid.Fûgelbeskerming: Spectaculair herstel witkopeend in Spanje, 16 augustus 2018 In resinte bedriging foar de Spaanske populaasje is it hybridisearjen mei de yntrodusearre Amerikaanske stikelsturt Oxyura jamaicensis. De jerken fan dy soarte binne by de balts dominant oer de jerken fan 'e wytkopeinen en as de eksoat ek de leefgebieten fan 'e wytkopein yn Algerije, Turkije of de Russyske Federaasje wit te berikken, is it yn hân hâlden fan it probleem hast ûnmooglik fanwegen de ûnbidige omfang fan 'e wiete gebieten dêr. Dêrfandinne wurdt besocht de Amerikaanske soarte yn West-Europa út te roegjen.
In oar probleem foarmet drûchte yn Sintraal-Aazje en it útdrûgjen fan marren. Likernôch 50% fan it briedgebiet fan 'e wytkopein waard yn 'e 20e iuw drûchlein. Yn 'e measte lannen dêr't de wytkopein foarkomt wurdt de soarte bejage. Yn guon lannen is de jacht en it sammeljen fan 'e aaien de belangrykste oarsaak fan 'e tebekgong dêr.
Op 'e wytkopein is de Oerienkomst ta Behâld fan trekkende Afrikaansk-Euraziatyske wetterfûgels (AEWA) fan tapassing. De IUCN klassifisearret de fûgel as bedrige op 'e Reade list. Keppeling om utens Birdlife, oproppen 1 febrewaris 2025. IUCN, oproppen 1 febrewaris 2025. Ebird, oproppen 1 ferbewaris 2025. Avibase, oproppen 1 febrewaris 2025.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Stikelsturt Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See Kategory:Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan