Manuel Ángel Andrada Ballesteros (Coronel Suárez, 9 jannewaris 1890 - Washington, 21 septimber 1962) wie in Argentynsk polospiler.

Manuel Andrada waard yn 1890 berne op in estancia, in grut priveeperseel dat brûkt wurdt foar lânbou of it hâlden fan fee of skiep, yn Curumalal yn 'e omkriten fan Coronel Suárez, yn de provinsje Buenos Aires, Argentynje. Hy wurke as hynstetrainer en begûn letter mei polo.

Yn 1936 makke Andrada diel út fan it Argentynsk poloteam dat meidien hat oan de Olympyske Spullen yn Berlyn. Hy en syn ploech hellen de gouden medalje. De spullen fan 1936 wiene de lêste spullen dêr't polo op it programma stie.

Manuel Andrada ferstoar op 21 septimber 1962, yn 'e âldens fan 72 jier.

Kategory:Argentynsk polospiler Kategory:Argentynsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1890 Kategory:Persoan stoarn yn 1962