thumb| Flagge fan Easterein De flagge fan Easterein is de flagge fan it doarp Easterein, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2001 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Yn fjouwer oer 1/3 flaggelingte fan read en giel mei op de krusing in klaverblêd fan 3/5 flaggehichte, mei in rjochte stâle, fan it ien yn it oar; en in griene seame mei in dikte fan 1/10 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Easterein.
Symbolyk Fjouwerdieling: ferwiist nei de yndieling fan de himrik fan Easterein yn fjouwer dielen. Skyldseame: ferwiist nei it oarspronklik bedike eilân dêr't Easterein op leit. Klaverblêd: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp.
Sjoch ek
Easterein Kategory:Easterein