thumb| Flagge fan Alde Leie De flagge fan Alde Leie is de flagge fan it doarp Alde Leie, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2001 registrearre.
Skiednis De flagge is al âld, hy komt foar yn it wapen- en vlaggenboek fan de Dokkumer Gerrit Hesman út 1708. Omdat it wapen en de flagge beide al langer yn gebrûk binne yn it doarp, binne se yn 2001 offisjele registrearre, mei kleuroanpassingen.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Trije lingtebanen: read, giel en blau.
De kleuren komme út it wapen fan Alde Leie.
Sjoch ek
Alde Leie Kategory:Alde Leie