thumb| Flagge fan Britswert De flagge fan Britswert is de flagge fan it doarp Britswert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2001 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Twa lingtebanen read en blau, mei oer alles hinne in lizzend giel anker, dêr't de stâle fan begjint op 1/3 flaggelingte en de punt leit op 13/15 flaggelingte en in dikte hat fan earder 1/10 flaggehichte en útgeande fan de ankerstâle oer de tinkbyldige linen fan in broekingstrijehoeke mei de top op 1/3 flaggelingte, yn it read in giele klaver op rjochte stâle en yn it blau in leelje mei ôfsniene foet.
De kleuren komme út it wapen fan Britswert.
Symbolyk
Reade baan: ferwiist nei it lân en nei de skipsbou by it doarp. Blau fjild: ferwiist nei it wetter fan de eardere Britswertermar, yn 1855 ynpoldere. Klaverblêd: ferwiist nei de feehâlderij en de greiden yn de omkriten fan it doarp. Leelje: de leelje kaam foar oan de râne fan de Britswertermar. Anker: ferwiist nei de skipsbou by it doarp.
Sjoch ek
Britswert Kategory:Britswert