thumb| Flagge fan Grou De flagge fan Grou is de flagge fan de flecke Grou, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.

By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen fan blau en giel, ferhâlding fan lingten 2:1; yn de blauwe baan boppe mekoar twa giele fisken; de boppeste sjocht nei de kant fan de flechtside.

De kleuren komme út it wapen fan Grou.

Symbolyk

Blauwe baan: ferwiist nei de wetterrike omkriten fan it plak. Fisken: ferwize nei de fiskerij fanút it plak.

Sjoch ek

Grou Kategory:Grou