thumb| Flagge fan Aldegea De flagge fan Aldegea is de flagge fan it doarp Aldegea, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1999 registrearre.
It ûntwerp is fan R.J. Broersma.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen grien, giel en blau yn de ferhâlding fan 3:1:1, dêrfan binne de giele en de blauwe baan weagjend oanienslutend; yn de broektop in broektopfjouwerkant mei siden gelyk oan 1/2 flaggehichte, it fjouwerkant geare fan giel en read.
De kleuren komme út it wapen fan Aldegea.
Symbolyk
Blauwe baan: ferwiist nei it wetter yn de omkriten fan it doarp. Griene baan: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp. Giele baan: ferwiist nei de diken. Ek ferwiist it nei de reidkragen lâns it wetter. Broektopfjouwerkant: ferwiist nei it Doris Mooltsje, in mûne by it doarp. Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Sudergoa.
Sjoch ek
Aldegea (Súdwest-Fryslân) Kategory:Aldegea (Súdwest-Fryslân)