thumb| Wapen fan Gaast It wapen fan Gaast is it wapen fan it doarp Gaast, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Skeanoer fan loftsboppe yn trijen fan grien, swart en goud. It swart beladen mei in spuitsjende walfisk fan sulver, mei de kop nei rjochts.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sabel (swart), goud en sulver.

Symbolyk

Walfisk: ferwiist nei in gevelstien dy't ynmitsele wie yn in wenning yn Gaast. Dizze stien is no te finen yn it Frysk Skipfeart Museum yn Snits.

Sjoch ek

Gaast Kategory:Gaast