Hugo Strauß (Mannheim, 25 juny 1907 - Golodayeva Jekaterineburch Sovjet-Uny, 1 novimber 1941) wie in Dútsk roeier.
Strauß gie yn juny 1933 by de SS en waard yn augustus 1936 befoardere ta SS-Untersturmführer.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen mei Willi Eichhorn yn de twa sûnder stjoerman.
Maaie 1937 waard Strauß lid fan de NSDAP. Yn 1939 wie hy lid wurden fan de SS-Totenkopfverbände. Hugo Strauß sneuvele op 1 novimber 1941, yn 'e âldens fan 34 jier oan it eastfront yn de buert fan Jekaterineburch.
Kategory:Dútsk roeier Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútsk faksist Kategory:Lid fan de SS Kategory:Lid fan de NSDAP Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1941