Biebernheim is in Stadtteil fan Sankt Goar yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn Rynlân-Palts, Dútslân.
Biebernheim leit yn 'e noardeastlike Hunsrück boppe de delling fan 'e Middenryn tichteby it kastiel Rheinfels. It doarp leit op in plato boppe it UNESCO-wrâlderfgoed Boppe-Middenryndelling. It sintrum leit yn in lytse delling, wylst in part fan it doarpsgebiet op in flak, ûnbeboske gebiet leit en foar in part yn in heger wurdend boskryk heuvellânskip leit. De stêd Sankt Goar leit likernôch in kilometer fierder.
Oant 7 juny 1969 wie Biebernheim in selsstannige gemeente, dy't yn it ramt fan in weryndieling opheft en by de stêd Sankt Goar foege waard.
Kategory:Sankt Goar