thumb| Wapen fan Warns It wapen fan Warns is it wapen fan it doarp Warns, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2004 registrearre.

Skiednis Warns is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. Dat wapen kaam foar yn it wapenboek fan Andries Schoemaker út 1695. It wapen liket ôflaat te wêzen fan in flagge. Doe't it wapen reagistrearre waard, kaam der in read fjild mei in anker by.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Ferdield: I. dwersbalke fan fjouwer stikken swart en sulver; II. yn read in gouden anker.

De heraldyske kleuren binne: sabel (swart), sulver, kiel (read) en goud.

Symbolyk Anker: ferwiist nei de skipfeart út it doarp wei. De gouden kleur ferwiist nei de wolfeart dy't de skipfeart brocht. Read fjild: oernommen út de wapens fan Starum, Himmelumer Aldefurd en Nijefurd.

Sjoch ek

Warns Kategory:Warns