thumb| Wapen fan Burgum It wapen fan Burgum is it wapen fan it doarp Burgum, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in krús fan blau, mei yn it hert fan it krús in fisk fan sulver; yn it earste kertier in jachthoarn fan swart mei in reade koarde, yn it twadde kertier in út'e grûn skuorde beam fan grien.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, kiel (read), sinopel (grien), sabel (swart) en sulver.
Symbolyk Hoarn: oernommen út de wapens fan wichtige famyljes út it doarp. Beam: ferwiist nei de beamrike omkriten fan it doarp. Blau krús: ferwiist nei it Berchkleaster en nei de lizzing fan it doarp oan in krusing fan wetterwegen. Fisk: ferwiist nei de fiskerij fanút it doarp en it is in symboal foar Kristus.
Sjoch ek
Burgum Kategory:Burgum