Andrés Gazzotti (Chacabuco, 30 maaie 1896 - 1984) wie in Argentynsk polospiler.
Yn 1936 makke Gazzotti diel út fan it Argentynsk poloteam dat meidien hat oan de Olympyske Spullen yn Berlyn. Hy en syn ploech hellen de gouden medalje. De spullen fan 1936 wiene de lêste Spullen dêr't polo op it programma stie.
Andrés Gazzotti ferstoar yn 1984, yn 'e âldens fan 87 as 88 jier.
Kategory:Argentynsk polospiler Kategory:Argentynsk Olympysk kampioen Kategory:Argentynsk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1896 Kategory:Persoan stoarn yn 1984