Salwan Sabah Matthew Momika (Qaraqosh, 23 juny 1986 – Södertälje, 29 jannewaris 2025) wie in Iraakske aktivist fan Assyrysk komôf dy't taflecht socht yn Sweden dêr't er ferneamd waard om syn fûle krityk op en iepenbiere protesten tsjin de Islam. By syn protesten ferbaarnde er in kopy fan 'e Koraan, eat dat troch moslims as tige offensyf beskôge wurdt. Hy stjoerde syn protesten út op TikTok, dêr't hy in grutte oanhing krige. SVT Nyheter, 31-7-2023, Salwan Momika och Salwan Najem – männen bakom sommarens koranbränningar i Sverige

Op 'e jûn fan 29 jannewaris 2025 waard hy deasketten yn syn hûs yn Södertälje tidens in TikTok-útstjoering. Hy soe in dei letter in útspraak krije by in Sweedske rjochtbank yn in saak fan it oantrúnjen fan religieuze haat. Yn Irak hat de stêd al-Kufa in beleanning fan twa miljoen dollar en in Koaran út twa kilogram goud oanbean oan wa't him fermoarde hat. Expressen, 30-1-2025, Koranbrännaren Salwan Momika ihjälskjuten i Södertälje

Kategory:Iraaksk aktivist Kategory:Iraaksk misdieslachtoffer Kategory:Persoan dy't omkommen is by in moardoanslach Kategory:Iraaksk persoan fan Assyrysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1986 Kategory:Persoan stoarn yn 2025