thumb| Flagge fan Itens De flagge fan Itens is de flagge fan it doarp Itens, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2001 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Neffens de flaggediagonaal yn fjouwer banen 3:1:1:1, read, blau, wyt en blau, mei op it read in út de dielline útkommend springend wyt hynder.

De kleuren komme út it wapen fan Itens.

Symbolyk

Yndieling flagge: ferwiist nei de patroanhillige fan de Martinytsjerke, Martinus fan Toers. Hy snijde syn mantel yn twaen en joech in helte oan in bidler. Hynder: ferwiist nei de feehâlderij yn de omkriten fan it doarp. Ek is it hynder oernommen út it wapen fan de famylje Stapert, dy't in pleats yn it doarp bewenne. Blauwe banen: oernommen út de wapen fan Hinnaarderadiel en Littenseradiel, de gritenij en gemeenten dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Wite baan: ferwiist nei de lizzing fan it doarp oan de Slachte.

Sjoch ek

Itens Kategory:Itens