thumb| Wapen fan Warstiens It wapen fan Warstiens is it wapen fan it doarp Warstiens, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau in sulveren dwersbalke, fan boppen en fan ûnderen beselskippe fan in gouden klaverblêd.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver en goud.
Symbolyk Dwersbalke: ferwiist nei it Langdeel, in kanaal dy't de himrik fan Warstiens yn twaen dielt. Klaverblêden: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp. Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Idaerderadiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiids part fan wie.
Sjoch ek
Warstiens Kategory:Warstiens