thumb| Wapen fan Langsweagen It wapen fan Langsweagen is it wapen fan it doarp Langsweagen, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 2000 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn grien trije sulveren skeanbalken; op in read hertskyld in útskuorde sulveren beam, it hertskyld beselskippe fan trije klaverblêden, pleatst yn de boppehoeken en de skyldpunt.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver en kiel (read).

Symbolyk Griene en sulveren skeanbalken: ferwiist nei de lizzing fan de perselen út rûn it doarp dy't súdwest-noardeast oriïntearre binne. Read hertskyld: ferwiist nei de kearn fan Langsweagen, by de Mattéustsjerke fan Langsweagen. Sulveren beam: ferwiist nei it planten fan beammen yn de doarpskearn. Reade klaverblêden: ferwiist nei de trije buorskippen yn de himrik fan Langsweagen: Sing-Sang, De Wyngaerden en Jonkerslân (sûnt 1988 in selsstannich doarp).

Sjoch ek

Langsweagen Kategory:Langsweagen