Dorothy Poynton (Salt Lake City, 17 july 1915 - Riverside, 18 maaie 1995) wie in Amerikaansk Keunstdûkster. Sy wie yn 1936 de earste keunstdûkster dy't har titel prolongearre.
Sy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Sy waard yn Los Angeles Olympysk kampioene op de tsien meter toer, yn Berlyn prolongearre se har titel en wûn se ek noch in brûnzen medalje op de de trije meter planke. Yn Amsterdam hie se yn 1928 ek al in sulveren medalje wûn op de trije meter planke.
Nei it beëinigjen fan har wedstriidkarriêre wie Poynton eigeneresse fan in swimskoalle de Dorothy Poynton Aquatic Club yn Los Angeles. Dorothy Poynton ferstoar op 18 maaie 1995, yn 'e âldens fan 79 jier.
Kategory:Amerikaansk keunstdûker Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1915 Kategory:Persoan stoarn yn 1995