thumb| Wapen fan Tsjom It wapen fan Tsjom is it wapen fan it doarp Tsjom, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2006 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn fjouweren: I. Yn grien in sulveren oansjende kowekop; II. Yn goud in reade kliuwende liuw; III. Yn goud in reade skeanrjochts pleatste dolk, mei sulveren fersiering; IV. Yn grien in sulveren klaver.
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver, goud en kiel (read).
Symbolyk
Ferdieling wapen: ferwiist nei de opdieling fan de himrik fan Tsjom yn fjouweren. Kowekop: ferwiist nei de feehâlderij yn de omkriten fan it doarp. Klaverblêd: ferwiist nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp. Kliuwende liuw: ferwiist nei de eallju fan it doarp. De liuw is ûnder mear werom te finen yn de wapens fan de famyljes Herema, Fan Burmania, Tjarda van Starkenborgh en Hermana. Dolk: ferwizing nei it ferhaal wêr yn de ynwenners fan Tsjom in stik fan in tou ôfsnienen om te ferhinderjen dat de ynwenners fan Aldeboarn in hegere tsjerketoer bouwe soene. Twa gesanten út Aldaboarn hiene in tou brûkt om de toer fan Tsjom te mjitten. De reade kleur ferwiist nei de ferskate fjildslaggen dy't rûn it doarp fochten binne.
Sjoch ek
Tsjom Kategory:Tsjom