Herbert Goodchild (yn it greefskip Kumberlân, 1873 – ?, ±1919) wie in Ingelsk yllustrator.

Hy lei him benammen ta op it meitsjen fan libbensechte yllustraasjes fan fûgels foar ornitologyske wurken. Nei it ferstjerren fan John Keulemans, yn 1912, waard er frege om 'e plaatsjes te fersoargjen foar it gehiel yllustrearre en meardielige wurk Birds of Australia fan Gregory Mathews. Hoewol't syn yllustraasjes ek yn ferskate oare boeken en tydskriften ferskynden, waarden syn talinten ûnderskat, sa woe ornitologe Penny Olsen yn har wurk Australian Predators of the Sky (2015) hawwe.

Foarbylden fan yllustraasjes fan Goodchild

Kategory:Ingelsk yllustrator Kategory:Persoan berne yn 1873 Kategory:Persoan stoarn yn de 20e iuw