Leonard Jack Martin (Londen, 24 novimber 1901 - Effingham, 25 desimber 1967) wie in Ingelske siler.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Kiel Olympysk kampioen, yn de 6m R-klasse mei Miles Bellville, Russell Harmer, Charles Leaf en Christopher Boardman. De 6m R-klasse is in mearpersoansboat. It boatsje hat in lingte fan ungefear 7 meter, in breedte 1,78 meter en in djipgong fan 1,70 meter; it grutseil mjit 43 m². Leonard Martin ferstoar op 25 desimber 1967, yn 'e âldens fan 66 jier.

Kategory:Ingelsk siler Kategory:Ingelsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1967