Christopher Alan Boardman (Norwich, 11 juny 1903 - Dêre, 29 septimber 1987) wie in Ingelske siler.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Kiel Olympysk kampioen, yn de 6m R-klasse mei Miles Bellville, Russell Harmer, Charles Leaf en Leonard Martin. De 6m R-klasse is in mearpersoansboat. It boatsje hat in lingte fan ungefear 7 meter, in breedte 1,78 meter en in djipgong fan 1,70 meter; it grutseil mjit 43 m².
Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne Boardman as reserveoffisier fan de Royal Naval Volunteer Reserve. Yn 1940/41 tsjinne er op it Q-skip (lokfartúch) HMS Cyprus (X44) en letter hie er it befel oer it korvet HMS Snowdrop.
Christopher is de âldere broer fan roeier Humphrey dy't útkaam yn de dûbbeldtwa by de Olympyske Spullen fan 1928 yn Amsterdam. Christopher Boardman ferstoar op 29 septimber 1987, yn 'e âldens fan 84 jier.
Kategory:Ingelsk siler Kategory:Ingelsk Olympysk kampioen Kategory:Ingelsk ofsier Kategory:Britsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 1987