Franz Peter Bischoff (München, 24 maart 1904 - Hamburg, 1 july 1976) wie in Dútske siler.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Kiel tegearre mei Hans-Joachim Weise Olympysk kampioen yn de Star klasse. De Star is in twapersoanskielboat. It boatsje hat in lingte fan 6.92 meter, in breedte 1.73 meter en in djipgong fan 1.02 meter, it grutseil mjit 27.92 m².
Bischoff wie arts yn Berlyn, yn 1937 boaske hy mei de Dútske sopraan Carla Spletter, lid fan'e Berlynske Steatsopera. Nei de Twadde Wrâldkriich ferhuze it pear nei Hamburg en hy wurke dêr fjirder as arts. Peter Bischoff wie in broer fan siler Fritz Bischoff.
Peter Bischoff ferstoar op 1 july 1976 yn 'e âldens fan 72 jier.
Kategory:Dútsk siler Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1976