Gaycke fan Broersma, ek wol Gaico of Gaitze (ferstoarn foar 1528) wie in Fryske bestjoerder.

Biografy Gaycke fan Broersma wie in soan fan Broer fan Broersma. Gaycke wie in telch út de foaroansteande famylje Fan Broersma út Kollum. Brouwer, J.H. (Red.) (1958). Encyclopedie van Friesland. Amsterdam: Elsevier. De famylje rekke ûnder oare besibbe oan it geslacht Fan Botnia. Al yn 1505 wurde Gaycke en syn broer Taco fermeld as eallju yn Kollumerlân. Noomen, P.N. (2009). De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners. Hilversum: Uitgeverij Verloren. Fan Broersma komt yn 1515 foar as grytman "van wege mijns Genadigen Heren van Gelre, in Colmerlant". Hy folge doe Sippe fan Meckema op dy't Skieringsgesind wie en nei Brussel flechte wie doe't Kollumerlân yn hannen foel fan de Geldersken. Yn syn grytmanskip wie de Gelderske Oarloggen yn Kollumerlân en waard de gritenij teistere troch sawol de Arumer Swarte Heap as Gelderske troepen. Andreae, A.J. (1975). Kollumerland en Nieuw Kruisland geschiedkundig beschreven met oudheidkundige plaatsbeschrijving door Mr. A.J. Andreae. Ljouwert: De Tille. Om 1518 hinne waard Fan Broersma as grytman opfolge troch de Gelderske ealman Hendrick de Wente. Andreae, A.J. (1893). Nalezing op de Nieuwe naamlijst van grietmannen van jhr. mr. H. Baerdt van Sminia. Ljouwert: Meijer en Schaafsma.

Fan Broersma wie boaske oan Anna fan Broersma. Sy wennen nei alle gedachten op de Broersma State westlik fan Kollum, it stamslot fan de famylje. Dy state waard yn 1532 ferkocht troch in Sjoerd fan Broersma oan Graets fan Cammingha, widdo fan Wilcke fan Holdinga. Lykwols wie de ferkeap net ôfkundige en kaam de state oan keizer Karel V ta. De state soe hjirtroch ien fan mar in pear liengoeden yn Fryslân wurde.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Kollumerlân en Nijkrúslân

Kategory:Haadling Kategory:Grytman fan Kollumerlân Kategory:Persoan berne yn de 15e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 16e iuw