thumb| Flagge fan Aldtsjerk De flagge fan Aldtsjerk is de flagge fan it doarp Aldtsjerk, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.

It ûntwerp is fan Piet Bultsma.

By gemeenteriedsbeslút fan 22 novimber 1984 waarden in wapen en flagge fêststeld foar de 16 doarpen fan Tytsjerksteradiel.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

In wyt krús mei in earmbreedte fan 1/4 flaggehichte, de fjilden (mei de klok meigeand) read-grien-grien-read; yn de hijstop yn read in wite dûbelde blom fan de boskanemoan.

De kleuren komme út it wapen fan Aldtsjerk.

Symbolyk Sulveren krús: ferwiist nei it norbertinen kleaster Bethlehem, dy't noardwestlik fan it doarp stie. Blom fan boskanemoan: de boskanemoan mei in dûbelde blom is in saneamde stinzeplant. Dit is in ferwizing nei de state De Klinze yn it doarp. Read fjild: ferwiist nei de bebouwing fan it doarp.

Sjoch ek

Aldtsjerk Kategory:Aldtsjerk