Glass is in Amerikaanske psychologyske skriller en atypyske superheldefilm út 2019 ûnder rezjy fan M. Night Shyamalan, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis, James McAvoy en Samuel L. Jackson. De titel betsjut "Glês" en is in ferwizing nei it personaazje Mr. Glass ("Menear Glês"). It ferhaal folget de mei boppeminsklike krêften bejeftige held David Dunn en de allyksa paranormaal bejeftige smjunt Kevin Wendell Crumb, dy't troch de autoriteiten allebeide opsletten wurde yn in psychiatrysk sikehûs, dêr't ek de supersmjunt Mr. Glass al tweintich jier fêstholden wurdt. Psychiater Ellie Staple besiket de mannen derfan te oertsjûgjen dat harren leauwe yn har eigen superkrêften nearne op basearre is. Glass foarmet it trêde en ôfslutende diel fan 'e Eastrail 177 Trilogy, en is dêrmei in ferfolch op Shyamalan syn eardere films Unbreakable (2000) en Split (2016). Fan 'e filmkritisy krige Glass oer it algemien negative resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses.
Plot David Dunn is in man mei boppeminsklike krêften (sjoch: Unbreakable). Hy is ûnbrekber en kriget troch it oanreitsjen fan oare minsken fizioenen oer de dingen dy't se it leafst geheim hâlde wolle. Syn iennichste swakte wurdt foarme troch wetter. Hy brûkt syn jeften troch as figilante jacht te meitsjen op kriminelen dy't it slagge is om harren aktiviteiten foar de autoriteiten ferburgen te hâlden. Syn anonime, yn in griene reinjas klaaide alter ego hat in beskate bekendheid krigen yn 'e media, dy't him de nammen The Overseer ("De Tafersjochhâlder") en The Greenguard ("De Griene Wachter") jûn hawwe. Syn identiteit is inkeld bekend oan syn no folwoeksen soan Joseph, mei wa't er in befeiligingsbedriuw runt.
Trije wiken nei't it skoalfamke Casey Cooke yn 'e kelders fan 'e Philadelphia Zoo ûntkommen is oan 'e kannibalistyske searjemoardner dy't bekend stiet as The Horde ("De Kliber"), ûntfiert The Horde op 'e nij guon teenagefamkes, diskear fjouwer cheerleaders. Dunn brûkt syn fermogens om The Horde op te spoaren. De searjemoardner is eins in man dy't Kevin Wendell Crumb hjit en lijt oan dissosjative identiteitssteuring (yn 'e folksmûle: in spjalten persoanlikheid). Hy hat 24 ûnderskate persoanlikheden, wêrûnder ien, The Beast ("It Bist"), dy't krekt as Dunn oer boppeminsklike krêften beskikt. Yn in ferlitten, fertutearze fabryk fynt Dunn de cheerleaders werom, dy't er befrijt. The Beast ferskynt om him tsjin te kearen, wat liedt ta in gefjocht tusken de beide mannen dat him bûten it fabryk fuortset. Se wurde ûnderbrutsen troch in grutte plysjemacht, dy't harren ynslút. Crumb wurdt troch psychiater Ellie Staple delbêde, wylst Dunn, dy't ûntsnappe kinnen hie as er dat woe, derfoar kiest om him oer te jaan om't er gjin plysjes ferwûnje wol.
Beide mannen wurde neitiid op oanjaan fan Staple oerbrocht nei in isolearre fleugel fan it psychiatrysk sikehûs Raven Hill Memorial. Dêr wurde se yn ferskillende keamers pleatst. Dy fan Dunn is tarist mei wetterspuiten dy't wetter út in grut bassin bûtendoar it fertrek ynpompe kinne. Yn dy fan Crumb is in ynstallaasje oanbrocht mei felle flitslampen, dy't in hypnoatyske útwurking op him hawwe sadat nei eltse flits in oare persoanlikheid fan him boppedriuwen komt. Sa kinne ûnwinske persoanlikheden "fuortflitst" wurde.
Yn Raven Hill Memorial wurdt ek al tweintich jier lang Elijah Price fêstholden, in man dy't himsels as supersmjunt sjocht, en dy't mei opset sin de treinramp mei de Eastrail 177 feroarsake, wêrfan't Dunn troch syn ûnbrekberens de iennichste oerlibbene wie. Price lijt oan in seldsume oandwaning dy't makket dat syn bonken tige broas binne en by it minste of geringste brekke; syn alter ego neamt er dêrom Mr. Glass ("Menear Glês"). Nettsjinsteande dat wurdt Price as tige gefaarlik beskôge, mei't er sa'n heech IQ hat dat er oare minsken sûnder swierrichheden manipulearje kin. Dêrom wurdt er oan ien stik wei ûnder de ynfloed fan sedative middels holden, sadat er ûnskealik is (tinkt men).
It docht bliken dat Staple spesjalisearre is yn 'e behanneling fan psychiatryske pasjinten dy't oan grutheidswaansin lije, yn 't bysûnder guon dy't miene dat se superhelden of supersmjunten mei superkrêften binne. Frou Price, de mem fan Elijah, besiket Staple derfan te oertsjûgjen dat de krêften fan har soan echt binne, mar faald. Likemin makket it yndruk op Staple as Joseph, de soan fan Dunn, besiket syn heit frij te krijen, of wannear't Casey Cooke yn it psychiatrysk sikehûs komt om in goed wurdsje te dwaan foar The Beast. Dy hie har ommers úteinlik gean litten doe't er foar it ferstân krige dat se al fan bern ôf oan mishannele en seksueel misbrûkt wie troch har omke. Tanksij syn ynfloed hat se nei har frijlitting einlings en te'n lêsten de moed fûn om oanjefte tsjin har omke te dwaan, dy't no fêstsit.
As ûnderdiel fan har einevaluaasje bringt Staple har trije pasjinten gear yn ien fertrek, dêr't se op harren ynpraat en harren útdaget om in oare útlis te finen foar wat se sjogge as harren superkrêften. Dunn en ferskaten fan 'e persoanlikheden fan Crumb reitsje yn betizing, wylst de platspuite Price katatoanysk bliuwt. Of sa liket it teminsten. Dy nachts ûntkomt Price, dy't blykber al lang lyn in manear fûn hat om mei de sedative middels om te gean, út syn hermetysk ôfsletten keamer (en net foar de earste kear). Hy docht fia it ynternet ûndersyk nei The Overseer en The Horde en besiket Crumb yn dy syn keamer. Dyselde fertelt er dat er fan doel is om oer twa dagen út it psychiatrysk sikehûs te ûntsnappen. Hy biedt oan Crumb mei te nimmen, op it betingst dat dy by de iepening fan 'e Osaka Tower, de heechste wolkekliuwer fan Philadelphia, foar it each fan 'e kamera's yn gefjocht giet mei Dunn, om foar iens en foar altyd oan 'e hiele wrâld te bewizen dat superhelden en supersmjunten besteane. Crumb seit syn meiwurking ta.
De oare moarns sjocht Staple op 'e bylden fan 'e befeiligingskamera's dat Price út syn keamer west hat. Mei't se yn har behanneling fan him net fierder kaam, hie se al oankundige om him mei trije dagen in proseduere mei in sjirurgysk laserapparaat ûndergean te litten dy't itselde resultaat hat as in prefrontale lobotomy (it operatyf ferwiderjen fan in part fan 'e harsens). Yn acht nommen wat der de ôfrûne nacht bard is, beslút Staple om Price no fuortendaliks de laserbehanneling ûndergean te litten. Neitiid liket Price syn skerpe yntelliginsje ferlern te hawwen, mar wannear't er allinnich is mei syn fersoarger Daryl, fermoardet er dyselde troch him mei in glêsskerf de kiel troch te snijen. Hy docht oan 'e stjerrende man út 'e doeken dat de behanneling mislearre is om't Price de nachts tefoaren it laserapparaat sabotearre hie.
Price skeakelet de wetterspuitynstallaasje yn 'e keamer fan Dunn út en fertelt him fia it lûdsprekkersysteem wat er fan doel is. Hy wol de Osaka Tower opblaze en dêrby tûzenen minsken ombringe. Inkeld as Dunn út syn keamer ûntsnapt en it foar it each fan 'e kamera's by de iepening fan it gebou yn gefjocht giet mei Crumb, sil Price fan syn plan ôfsjen. Dunn brûkt dêrop syn ûnbrekberens om 'e stielen doar fan syn keamer te fernielen en út te brekken. Underwilens befrijt Price Crumb, wêrnei't se tegearre út it psychiatrysk sikehûs ûntkomme ûnder de momkape fan in pasjint yn in rolstoel mei in ferpleechkundige. Dokter Staple komt lykwols krekt op 'e tiid op har wurk oan en skillet de plysje, dy't mei grut materieel úttsjocht.
Frou Price, Casey en Joseph arrivearje allegearre apart faninoar. Underwilens krije Dunn en Crumb, yn syn persoanlikheid as The Beast, inoar op it parkearterrein fan it psychiatrysk sikehûs yn 'e rekken en brekt der in gefjocht tusken harren út. Wannear't Dunn de oerhân driget te krijen, bringt Price oan The Beast út dat Dunn syn swakte wetter is. Dêrop fertelt Joseph oan The Beast dat Clarence, de heit fan Kevin Wendell Crumb en de iennichste dy't him as jonkje tsjin it misbrûk troch syn mem beskermje kinnen hie, omkommen is by de troch Price feroarsake treinramp mei de Eastrail 177. The Beast betanket dan Price foar syn bydrage oan syn eigen tastânkommen, mar teffens ferwûnet er Price deadlik as ferjilding foar wat er Kevin Wendell Crumb oandien hat. Neitiid set er syn gefjocht mei Dunn fuort, dy't er oppakt en yn it bassin smyt mei wetter foar de spuitynstallaasje yn Dunn syn keamer. Hoewol't The Beast him ûnder wetter hâldt, slagget it Dunn om te ûntkommen troch de wand fan it bassin stikken te slaan, sadat it wetter fuortrint.
Staple seit tsjin Casey dat sy de iennichste is dy't Crumb no rêde kin troch The Beast del te bêdzjen en syn oarspronklike persoanlikheid nei foarren te bringen. Dat slagget har yndie, mar Crumb wurdt fuort dêrnei yn opdracht fan Staple troch in skerpskutter fan 'e plysje deasketten. Mei't de hûd fan The Beast kûgels keare koe, hie se ferlet fan Casey om in oare persoanlikheid fan Crumb nei foarren te heljen. Crumb stjert neitiid yn Casey har earms, wylst Price yn it bywêzen fan syn mem beswykt oan syn ferwûnings en in plysjeman de slim ferswakke Dunn ferdrinkt yn in wetterplasse.
Letter besiket Staple in gearkomste fan in geheim genoatskip, dêr't hja, sa docht no bliken, in foaroansteand lid fan is. It giet om in klandestine organisaasje dy't publike bekendheid fan it bestean fan minsken mei boppeminsklike krêften al tûzenen jierren mei súkses ûnderdrukt. De leden spoare minsken mei sokke jeften op en harsenspiele se om har eigen krêften te ûntkennen. As dat net wurket, wurde se om hals brocht, lykas by Dunn barde, of oan medyske behannelings ûnderwurpen dy't se har yntelliginsje ôfnimt, lykas Staple by Price besocht te dwaan. De reden foar it bestean fan 'e organisaasje is dat de leden minsken mei boppeminsklike krêften, oft se dy no foar goed of foar kwea brûke, as in bedriging foar de wrâldoarder sjogge.
Yn 'e neisleep fan it ôfweven mei har trije pasjinten wisket Staple har eigen spoaren út, û.m. troch alle bylden fan 'e befeiligingskamera's yn Raven Hill Memorial te eliminearjen. Hja risselwearret om nei in oare Amerikaanske stêd ta, dêr't in folgjend gefal fan minsken mei boppeminsklike krêften op har wachtet. Underweis nei de lofthaven bringt se in besyk oan in stripwinkel, dêr't se in pear stripfans praten heart oer it boasaardige masterbrein, in fêst personaazje yn superheldestrips. De iene jonge hâldt út dat je der nea fan op oan kinne wat sa'n personaazje seit, mei't er de lju mei opset sin yn ien rjochting sjen lit, wylst er efter har rêch om syn wiere doel berikt. Staple wurdt ûngerêst as se dat heart en reizget halje-trawalje werom nei Raven Hill Memorial.
Price hie soarge dat sy oer syn plan te witten kaam om The Beast en The Overseer mei-inoar fjochtsje te litten foar it each fan 'e kamera's by de iepening fan 'e Osaka Tower, en sy hie dat foar sûkerswiet oannommen. Mar Staple hie oeral yn en om it psychiatrysk sikehûs befeiligingskamera's ophongen en hja hie dat oan Price witte litten by wize fan warskôging dat er neat mear hoegde te prebearjen. No beseft se dat der foar Price alhiel gjin reden wie om Crumb en Dunn mei te slepen nei de Osaka Tower, mei't alles wat der yn en om it psychiatrysk sikehûs barde, ek al út alle hoeken wei filme waard. Se begjint te fermoedzjen dat it hieltyd al Price syn bedoeling wie om 'e beide mannen op it binnenplak fan Raven Hill Memorial fjochtsje te litten. Werom yn it psychiatrysk sikehûs wurdt Staple har grutste eangst befêstige: ear't sy de bylden wiske hat, binne se op troch Price foarprogrammearre wize live-streamd nei in net mear te efterheljen privee-webside, dêr't der in twadde opname fan makke is. Yn 'e lege hal fan it sikehûsgebou lit Staple in lûde gjalp fan lulkens en frustraasje slûpe.