thumb| Wapen fan Piaam It wapen fan Piaam is it wapen fan it doarp Piaam, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn blau seis sulveren einen mei gouden snaffels, trije, twa en ien.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver en goud.

Symbolyk

Einen: ferwize nei de einekoaien by de buorskip Koaihuzen súdlik fan Piaam.

Sjoch ek

Piaam Kategory:Piaam