thumb| Wapen fan Lollum It wapen fan Lollum is it wapen fan it doarp Lollum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau in gouden lofterskeanbalke, beladen mei trije griene klavers yn de rjochting fan de balke.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud en sinopel (grien).
Symbolyk Gouden balke: ferwiist nei it sinneljocht, it doarp lei yn it easten fan Wûnseradiel. Klavers: ferwize nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp.
Sjoch ek
Lollum Kategory:Lollum