thumb| Flagge fan Poppenwier De flagge fan Poppenwier is de flagge fan it doarp Poppenwier, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1986 registrearre.

By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen fan read en giel, ferhâlding fan de lingten 2:1; yn de reade baan in giele roas.

De kleuren komme út it wapen fan Poppenwier.

Symbolisme

Roas: oernommen út it wapen fan de famylje Albada dy't by it doarp de Albadastins bewenne. Kleurstelling: oernommen út it wapen fan de famylje Albada en it wapen fan Raerderhim, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.

Sjoch ek

Poppenwier Kategory:Poppenwier