thumb| Flagge fan Warten De flagge fan Warten is de flagge fan it doarp Warten, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 1974 registrearre.
Skiednis Yn de simmer fan 1973 naam de "Stifting Jachthaven" Warten in eigen flagge oan, ûntwurpen troch de Fryske Rie foar Heraldyk, wêryn de swan en de medalje in plak krigen. Op 25 jannewaris 1974 is dizze flagge foar it doarp ek goedkard by in gearkomste fan de ferienings V.V.V. en Doarpsbelang.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Yn fjouwer ferdield oer it krús fan read en wyt. Boppe yn de hijs in wite swan mei steande wjukken, ûnderoan yn de hijs in reade bal.
De kleuren komme út it wapen fan Warten.
Symbolyk
Swan: ferwiist nei it wetter yn de omkriten fan it doarp. Bal: oernommen út mooglike pompeblêden út it wapen fan Warten. Kleurstelling: kin komme út it wapen fan Eastergoa.
Sjoch ek
Warten Kategory:Warten