thumb|kanaal fan Saint-Quentin mei de keatlingsleepboat thumb|Detail fan it keatlingmeganisme thumb|Model fan Rougaillou, de earste sleepboat op hynstekrêft thumb|Ien fan de ûntluchtingsskoarstiens thumb|Detail fan de trolleytriedden. Hjir wurdt mar ien tagelyk fan brûkt, retoerstroom giet fia it keatling en de romp fan de sleepboat thumb|Trolleytsjil thumb|Passaazje fan de tunnel De Riquevaltunnel is in skipfearttunnel yn it Frânske departemint Aisne yn de gemeente Bellicourt. It makket diel út fan it Saint-Quentinkanaal en de tunnel ferbynt de buorskip Riqueval mei Le Catelet. It giet ûnder de doarpen Bellicourt en Bony troch.

Skiednis De earste plannen foar de tunnel datearren út 1768. Doe wie it plan om in tunnel fan 13,7 km oan te lizzen tusken Le Tronquoy en Vendhuile. Doe't hast de hiele gong groeven wie, waard it wurk ûnderbrutsen. It projekt begûn wer yn 1801 ûnder Napoleon I. Uteinlik waarden twa tunnels groeven, ien fan 1098 meter yn Le Tronquoy en ien fan 5670 meter yn Bellicourt. Dizze tunnels waarden boud as ûnderdiel fan it Sint-Quentinkanaal, yn opdracht fan Napoleon Bonaparte, dy't it kanaal ek yn april 1810 iepene. De tunnel wie lang en tsjuster en oarspronklik moasten der skippen mei in jaachline trochhinne lutsen wurde. Dat waard ynearsten dien mei manmacht, sân oant acht man lutsen yn tolve oant fjirtjin oeren in skip troch de tunnel. Letter waard dat dien mei mynhynders (dy't wend wiene oan it tsjuster), wat de jaachtiid flink ynkoarte oant sa'n seis oant sân oeren.

Fan 1856 ôf waard de earste sleepboat yntrodusearre, de Rougaillou, oandreaun troch seis oant acht hynders yn in karrousel dy't in liere oandreau. Dat duorre lykwols net lang om't de hynders net wend wiene om yn it tsjuster yn sirkels te kuierjen.

Yn 1864 kaam der in mei in stoommasine oandreaune sleepboat. Nettsjinsteande de fentilaasjegatten yn it dak fan de tunnel soarge dat foar ferstikkingsproblemen troch de reek, en late it ienris sels ta de dea fan elkenien oan board fan in konfoai.

Fan 1910 ôf kaam in elektryske sleepboat yn gebrûk. Oant 1985 luts it skippen troch sawol de Riquevaltunnel as de Tronquoytunnel fierder nei it suden.

Tsjintwurdich is it tegearre mei de Mauvagestunnel oan it Marne-Rynkanaal de ienige tunnel dêr't skippen troch de tunnel sleept wurde mei in saneamde toueur.

De tunnel, de heuvel dêr't er trochhinne giet en de sleat dy't oan beide kanten it kanaal foarmet, wiene yn de Earste Wrâldoarloch in wichtich ûnderdiel fan de Hindenburgliny. De Dútsers hiene in oantal skippen dy't omboud wiene ta sikehûzen yn de tunnel pleatst. Direkt boppe op 'e tunnel is it Somme American Cemetery and Memorial.

Toueur Omdat fentilaasje fan de útlaatgassen yn de Riquevaltunnel net mooglik is, moatte de skippen troch de tunnel lutsen wurde. Dit wurdt dien mei in toueur (Frânsk foar trekker)

De toueur hellet in keatling út 'e boaiem fan 'e tunnel en lûkt himsels en syn oanboude sleep lâns it keatling. Efter de toueur ferdwynt it keatling werom nei de boaiem fan de tunnel. It keatling yn de Riquevaltunnel is 8045 meter lang en leit oan beide úteinen fan de tunnel foar anker oan de kanaalbank. It hiele keatling waacht 96 ton.

Boppe it kanaal, yn de tunnel en sawat 1,5 km oan beide úteinen, is in dûbele trolleytrie mei 600 V DC oanbrocht. Der wurdt mar ien tagelyk fan brûkt, de weromstream komt fia it keatling en de romp fan it skip.

De toueurs hawwe in ûnder-dekse bestjoering as in klassike trem (mei in skeakelder dy't fia de wjerstânbanken de searje- en parallelstannen ynskeakelt) en kin fia in stjoermeganisme it keatling mear nei lofts en rjochts ophelje en dellizze. De ketting rint fjouwer kear oer twa rôlen en wurdt hielendal troch wriuwing lutsen. De toueurs hawwe oan elk ein ek in elektrysk oandreaune propeller, dy't net brûkt wurdt foar oandriuwing, mar om de sleepskippen op ôfstân te hâlden.

In trochgong troch de tunnel giet mei in faasje fan sawat 2,5 km/oere en duorret sa'n twa oeren. De "toueur" kin in sleep fan oant tritich binnenfeartskippen lûke.

De earste toueur út 1910, de Ampère I, waard yn 1994 op lân boppe de súdlike tunnelmûning pleatst en wurdt tsjintwurdich brûkt as museum. De hjoeddeiske toueur út 1924 hat twa elektromotors fan 35 pk.

De toueur makket (op fersyk) ien weromreis deis (twa op sneons) foar de plezierboaten en guon frachtskippen (gemiddeld ien deis) brûke it kanaal noch.

Takomst De delgong fan it skipfeartferkear (fan 100 skippen deis nei sa'n tsien), troch de iepening fan it Canal du Nord, troch de measte skippers de foarkar hat boppe it Saint-Quentin-kanaal, hat de Voies navigables de France der ta brocht om in stúdzje te meitsjen foar meganyske fentilaasje yn de tunnel, wêrtroch’t skippen dan op eigen krêft troch de tunnel farre kinne. In stikje skipfeartskiednis yn de foarm fan ien fan de lêste toueurs wurdt sadwaande ferwiisd nei it museum.

It Musée de touage yn Bellicourt - boppe de súdlike tunnelmûning jout ynformaasje oer de Riquevaltunnel.

Televyzje Op syk nei de ferbining tusken Flaanderen en Boergonje reizge parsefotograaf Michiel Hendryckx mei it binnenskip Maria Van Dam yn it programma Het Bourgondisch complot fan Gent nei Mâcon. Op syn reis yn Frankryk kaam er ek troch de Riquevaltunnel. Yn 2025 bestege akteur Huup Stapel foar omrop Max oandacht oan de Riquevaltunnel yn syn syktocht nei de boarne fan de Schelde.

Kategory:Skipfearttunnel yn Frankryk Kategory:Bouwurk út 1801