De Aleksanderparkyt (Psittacula alexandri) is de typesoarte fan it skaai ealparkiten (Psittacula) út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).

Beskriuwing thumb|left|Mantsje. thumb|left|Wyfke. De 33 oant 38 sm lange griene parkyt hat in rôzeread boarst (dêrfandinne ek de Ingelske namme red-breasted parakeet). De kop is blaugriis mei in swarte streek oer de foarholle tusken de eagen en swart op it kin en it ûnderwang. Op 'e griene wjukken hat de fûgel in giel plak. De relatyf koarte sturt fan 'e Aleksanderparkyt is blaueftich. Mantsjes ha in reade snaffel mei in giele punt en wyfkes ha in swarten-ien. Wyfkes binne op it boarst ek minder rôzeread as mantsjes.

Fersprieding Aleksanderparkiten komme fan noardlik Yndia oant it suden fan Sina yn it easten en oant Java en Borneo yn it suden foar. De soarte is troch minsken yntrodusearre yn Singapoer, Hongkong en Tokyo.

Undersoarten P. a. alexandri , 1758: Java, Baly en súdlik Borneo. P. a. abbotti (, 1919): Andamanen. P. a. cala (, 1912): Simeulue (west fan Sumatra). P. a. dammermani , 1932: Karimundjawa (Javasee). P. a. fasciata (, 1776): noardlik Yndia oant súdlik Sina en Yndosina. P. a. kangeanensis , 1962: Kangean-eilannen (Javasee). P. a. major (, 1902): Lasia en Baby (west fan Sumatra). P. a. perionca (, 1912): Nias.

Status thumb|left|Wyfke. It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar dy wurdt as frij algemien omskreaun. Oannommen wurdt dat de populaasje slim te lijen hat fan streuperij en ferlies fan leefgebiet. Dêrfandinne wurdt de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich klassifisearre.

Kategory:Ealparkyt Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Eksoat yn Singapoer Kategory:Eksoat yn Japan Kategory:Eksoat yn Sina