Imre Harangi (Nyíradony, 16 oktober 1913 - Bûdapest, 4 febrewaris 1979) wie in Hongaarsk bokser.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, yn de klasse oant 61,2 kg (lichtgewicht) Yn de heale finale wie er ferwûne rekke oan syn lofter eachbrau dat hy focht yn de finale mei ferbân om 'e holle.
Nei syn karriêre as bokser, waard Harangi piloat. Yn de Twadde Wrâldkriich focht Harangi foar de Luftwaffe (Hongarije wie yn'e Twadde Wrâldkriich in bûnsmaat fan nazy-Dútslân). Yn 1941 rekke er slim ferwûne by in needlâning. April 1945 waard er yn Eastenryk yn kriichsfinzenskip set. Nei't hy frijkaam waard Haringi trainer by in boksskoalle yn Bûdapest. Imre Harangi ferstoar op 4 febrewaris 1979, yn 'e âldens fan 65 jier.
Kategory:Hongaarsk bokser Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Hongaarsk piloat Kategory:Hongaarsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Hongaarsk kriichsfinzene Kategory:Hongaarsk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1979