Wilhelm Gustav (Willy) Kaiser (Pudewitz, 16 jannewaris 1912 - Gladbeck, 24 july 1986) wie in Dútsk bokser.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, yn de klasse oant 50,8 kg (michgewicht)

Yn de Twadde Wrâldkriich bedarre Kaiser yn kriichsfinzenskip yn de Sovjet-Uny, dêr't er pas yn 1949 út weromkaam. Hy boaske yn 1950 en krige fjouwer soannen. Nei syn weromkommen wijde er him folslein oan de dowesport. Oant syn pensjoen wurke er as gemeente-amtner yn Gladbeck. Willy Kaiser ferstoar op 24 july 1986, yn 'e âldens fan 74 jier.

Kategory:Dútsk bokser Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútsk soldaat Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútsk kriichsfinzene Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1986