Hendrik Gijsbert Bernhard (Henk) van den Breemen (Valkenswaard, 23 maart 1941 - Mijnsheerenland, 20 jannewaris 2024) wie in Nederlânsk generaal fan it Korps Mariniers. Hy wie sjef Definsjestêf fan augustus 1994 oant juny 1998. Yn 1977 wie van den Breemen belútsen by it krisisteam dat treinkaping by De Punt ta in goed ein probearre te brengen.

Biografy Van den Breemen begûn syn militêre karriêre yn 1960 as aspirant-ofsier by it Korps Mariniers. Fan juny 1987 oant juny 1998 tsjinne er as haad fan de stêf en plakferfangend kommandant fan it Korps Mariniers. As plakferfangend sjef fan de Definsjestêf wie er aktyf belutsen by de reorganisaasje fan de Definsjestêf; hy wie ferantwurdlik foar de saneamde 'prioriteitsnota's' fan Definsje ("Kwaliteit boppe kwantiteit") (1991–1994). Van den Breemen einige syn militêre karriêre as sjef fan de Definsjestêf (augustus 1994 – juny 1998). Ald-minister Henk Kamp sei dat ien fan de redenen om Van den Breemen te beneamen ta sjef fan de Definsjestêf syn rol wie as kommandant fan de earste Amfibyske Kombatgroep (1981–1982) en de ûntwikkeling fan de Nederlânsk-Britske "Amphibious Force", dy't tusken 2006 en 2010 in "Battlegroup" waard.

Van den Breemen waard beneamd ta Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau mei de Swurden en ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Hy waard ek ûnderskieden as Kommandeur yn it Legion of Merit (FS) en mei it Grosse Verdienstkreuz mit Stern und Schulterband des Verdienstordens der Bundesrepublik Deutschland. Ek Sweden, Noarwegen en Tsjechje ûnderskieden Van den Breemen.

Koartlyn skreau Van den Breemen, tegearre mei fjouwer eardere kollega's, in pamflet mei de titel: Towards a Grand Strategy for an Uncertain World; Renewing Transatlantic Partnership. De "Binde fan fiif" – sa waarden se neamd doe't it pamflet yn Washington D.C. presintearre waard (jannewaris 2008) – bestie út generaal b.tsj. John Shalikashvili (FS), generaal b.tsj. dr. Klaus Naumann (Dútslân), admiraal b.tsj. Jacques Lanxade en fjildmaarskalk Lord Inge (Feriene Keninkryk).

Yn de brosjuere wurdt in analyze jûn fan trends en útdagings, lykas fan de hjoeddeistige kapasiteiten fan ynstellings, organisaasjes en de polityk. Op basis dêrfan wurdt in 'grutte strategy' foarsteld en in aginda foar feroaring presintearre. It hiele idee draait om it werstellen fan wissichheid troch it fernijen fan it transatlantyske partnerskip. De brosjuere waard presintearre yn Washington D.C. en Brussel. Hy waard ek foarlein oan presidinten, premiers, ministers en de lieding fan de NATO en de Europeeske Uny.

Van den Breemen wie ûnder mear wurksum as adviseur, bygelyks foar de Noaber Foundation, dêr't er foarsitter fan de advysried wie. De Noaber Foundation is in Nederlânske organisaasje dy't him rjochtet op filantropy en maatskiplik ûndernimmen.

Op 18 maart 2010 waard de generaal oanwiisd as de boarne fan de bewearing fan generaal John J. Sheehan dat it bloedbad fan Srebrenica feroarsake wie trochdat der homoseksuelen ûnder de Nederlânske FN-troepen wiene. Retired general links gays in military, Bosnian massacre Yn in ferklearring fan it Nederlânske Ministearje fan Definsje reagearre Van den Breemen dat dy bewearing "absolute ûnsin" wie. <ref> Yn in ferklearring fan it Nederlânske Ministearje fan Definsje reagearre Van den Breemen dat dy bewearing "folsleinee ûnsin" wie; Dutch Reject Claim That Srebrenica Fell Because of Gay Troops Sheehan naam letter folslein ôfstân fan syn útspraken en bea Van den Breemen per e-mail syn ekskuses oan, wêrby't er hawwe woe dat it falen fan de Nederlânske FN-troepen "op gjin inkelde wize de skuld fan de yndividuele soldaten" wie. US general 'sorry' for Dutch gay soldier remark, BBC News

Henk van den Breemen ferstoar op 20 jannewaris 2024, yn 'e âldens fan 82 jier.

Kategory:Persoan berne yn 1941 Kategory:Persoan stoarn yn 2024 Kategory:Nederlânsk generaal Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Brabânsk persoan