thumb| Wapen fan Hartwert It wapen fan Hartwert is it wapen fan it doarp Hartwert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau in ferkoart sulveren krús, biladen mei in read hart yn'e krusing, mei in gouden leelje yn elk fan'e kertieren.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, kiel (read) en goud.
Symbolyk
Krús: stiet foar it kleaster Blomkamp dat tichtby it doarp stie. Hert: ferwiist nei de funksje fan it doarp as moetingsplak fan de deputearren fan Westergoa. Leelje: oernommen út it wapen fan de sistersjinzers, de oarde fan it kleaster Blomkamp.
Sjoch ek
Hartwert Kategory:Hartwert