thumb| Wapen fan Wergea It wapen fan Wergea is it wapen fan it doarp Wergea, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sulver in blauwe dwarsbalke mei slaggen deryn, belein mei in gouden reed; boppe-oan beselskippe fan twa reade kamrêden en ûnderoan trije reade fisken, pleatst twa-ien.

De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau), goud en kiel (read).

Symbolyk

Dwarsbalke: symboal foar it Ald Djip, in rivierke dy't fanôf Burgum fia Suwâld, Warten, Warstiens en Wergea nei de Middelsee streamde. Kamrêden: ferwize nei de eardere molkfabryk yn it doarp. Reden: ferwiist nei de fabrikaazje fan redens yn it doarp. Fisken: ferwize nei it eardere Wergeaster Mar.

Sjoch ek

Wergea Kategory:Wergea