Emmerentiana Maria (Emmy) Eerdmans (Bussum, 30 augustus 1931 - 15 desimber 2024) wie in Nederlânske skilder, tekener en byldhouwer.

Libbensrin Eerdmans waard oplaat oan de Ryksnormaalskoale voor Tekenûnderwizers en de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam, as learling fan ûnder oaren Gé Röling en Jan Wiegers. Yn 1957 wûn se de Cohen Gosschalkpriis. Yn datselde jier helle se by de Prix de Rome it twadde plak yn'e kategory byldhoukeunst en wûn se yn'e kategory skilderkeunst. Se makke dêrnei in stúdzjereis troch Itaalje en fêstige har yn de sechstiger jierren yn Antwerpen, dêr't se har oplieding ferfolge oan it Nationaal Hoger Instituut. Eerdmans makke ûnder mear bisten - en figuerfoarstellingen, portretten, stillibbens en stedsgesichten. Njonken har teken- en skilderwurk makke se ek lytsplastiken. Se boaske yn 1963 mei de grafikus Ben Joosten.

Emmy Eerdmans ferstoar op 15 desimber 2024, yn 'e âldens fan 93 jier.

Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2024 Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk tekener Kategory:Nederlânsk byldhouwer