De kaamein (Sarkidiornis melanotos) is in fûgel út de famylje einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1769 troch Pennant publisearre.

De IOC World Bird List ûnderskiedt twa soarten, mar net elkenien folget dy organisaasje. In soartedieling komt net foar yn 'e Howard and Moore Complete Checklist of the Birds of the World, tredde printinge 2003. Mei Sarkidiornis melanotos wurdt yn brede sin sawol de Amerikaanske kaamein as de kaamein fan 'e Alde Wrâld bedoeld.

Beskriuwing thumb|left|De opfallende kaam fan it jerkje. De kaamein is ien fan 'e grutste einesoarten en wurdt 56 oant 76 lang. Hy hat in spanwiidte fan 116 oant 145 sm en in gewicht fan 1 oant 2,9 kg. Folwoeksen kaameinen ha in wite kop mei donkere plakjes en in folslein wite nekke en ûnderkant. De boppebealch fan 'e fûgel is swart mei in griene of blauwe irisearjende glâns. It mantsje is grutter as de jerk en is fral oan 'e grutte swarte kaam boppe syn snaffel te ûnderskieden fan it wyfke.

It ferskil mei de Amerikaanske kaamein is it formaat en it fearrekleed op 'e siden. De Amerikaanske kaamein is lytser mei donkere siden, by jerken swart en by wyfkes griis, wylst dat by de kaameinen fan 'e Alde Wrâld ljochtgriis en by de wyfkes somtiden wyt is.

Fersprieding De soarte Sarkidiornis melanotos yn strikte sin komt yn'e tropyske en subtropyske wettergebieten fan in grut part fan Afrika súd fan 'e Sahara, it eilân Madagaskar en in grut part fan Yndia, Bangladesj en it fêstelân fan Yndosina foar.

Iten en nêst Kaameinen ite planten en wat minder lytse fiskjes, wringeleazen en sied. Somtiden binne se foar rysboeren in pleach. Bûten it wiete seizoen foarmje se faak gruttere groepen oant wol 100 eksimplaren. thumb|left|Wyfke en juvenyl yn it Kruger Park, Súd-Afrika. Se briede yn stilsteande sompen en marren yn 'e tropen en bliuwe faak op it selde plak. Yn 'e reintiid wolle se wol fierder fleane.

De Afrikaanske fûgels briede yn en nei de reintiid. Se komme net ta brieden as it net goed reine wol. De fûgels hawwe harren nêst yn in beamholte of heech gers. Jerken kinne twa wyfkes tagelyk ha of wol fiif efterinoar. Se ferdigenje de wyfkes en de piken, mar net de nêstlokaasjes. It wyfke leit 7 oant 15 gielwite aaien.

Status De wrâldpopulaasjes wurdt op 90.000 oant 340.000 fûgels rûsd (Wetlands International 2023), itjinge delkomt op likernôch 60.000-227.000 folwoeksen fûgels. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal efterút giet, mar net boppe de 30% yn tsien jier. De fûgels ha lêst fan 'e jacht en biotoopferlies (it kappen fan bosken) en de tapassing fan gif yn rysfjilden. Yn 'e Senegaldelling is de populaasje foars tebekrûn nei't in daam yn 'e Senegalrivier oanlein waard. De soarte is ek gefoelich foar fûgelgryp.

De kaamein hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrfandinne is de kâns op 'e status gefoelich foar útstjerren lyts. De fûgel stiet as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN (2024). Op 'e soarte is de Afrikaansk-Euraziatyske oerienkomst oer wetterfûgels fan tapassing.

Kategory:Kaamein Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân