Birgitta Ingeborg Alice, Prinsesse fan Sweden (Stockholm Slot Haga, 19 jannewaris 1937 - Majorka Spanje, 4 desimber 2024) wie de twadde suster fan de hjoeddeiske kening fan Sweden, Carl Gustaf XVI.
Prinses Birgitta waard berne as twadde dochter fan de doetiidske erfprins fan Sweden, Gustaaf Adolf fan Sweden en syn frou Sybilla fan Saksen-Koburch en Gota. Birgitta boaske mei de Dútske prins Johann Georg fan Hohenzollern (1932-2016) yn it keninklik paleis te Stockholm op 25 maaie 1961. De tsjerklike ynseiniging fûn plak yn de kapel fan slot Sigmaringen yn Dútslân op 30 maaie 1961. Birgitta en Johann Georg libben sûnt 1990 fan tafel en bêd skieden.
Birgitta fan Sweden op 4 desimber 2024, yn 'e âldens fan 87 jier.
Kategory:Lid fan it Sweedske keningshûs Kategory:Hûs Bernadotte Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2024