thumb| Flagge fan Ferwâlde De flagge fan Ferwâlde is de flagge fan it doarp Ferwâlde, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.
It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.
By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Besteande út in grien fjild, mei in giele dwersbalke dy't fan linksûnder nei rjochtsboppe rint. Linksboppe is in wyt pompeblêd ôfbield, oan de mestside de fersmelde flagge fan Wûnseradiel.
De kleuren komme út it wapen fan Ferwâlde.
Symbolyk
Griene fjilden: ferwiist nei it eardere sompebosk dêr't Ferwâlde oan lei. Pompeblêd: ferwiist nei de lizzing fan it doarp yn de provinsje Fryslân. Fersmelde flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
Sjoch ek
Ferwâlde Kategory:Ferwâlde