thumb| Flagge fan Blauhús De flagge fan Blauhús is de flagge fan it doarp Blauhús, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1989 registrearre.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Twa like hege banen fan blau en wyt, mei yn de blauwe baan oan de broekside in giele fiskersboat mei fol túch; en yn de wite baan oan de broekside in read pompeblêd; de boat en it pompeblêd elk mei in flaggehichte fan 7/16 fan de hiele flagge.
De kleuren komme út it wapen fan Blauhús.
Symbolyk
Kleurstelling: basearre op de haadkleuren fan it wapen fan Westergoa. Fiskersboat: ferwiist nei de fiskerij op de marren yn de omkriten fan it doarp. Pompeblêd: ferwiist nei de lizzing fan it doarp yn de provinsje Fryslân.
Sjoch ek
Blauhús Kategory:Blauhûs