Blauwe ara's (Anodorhynchus) foarmje in fûgelskaai út de famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).

Fan 'e oarspronklik trije (of fjouwer) soarten yn it skaai besteane hjoed-de-dei noch mar twa soarten, dy't beide ûnder druk stean. De lêste jierren binne der maatregels nommen om de twa noch besteande populaasjes te behoedzjen foar útstjerren. De soarten binne monotypysk.

Njonken de trije erkende soarten is der troch de soölooch Walter Rothschild in fjirde blauwe ara beskreaun: de fioletara. Rothschild neamde de fûgel yn syn yn 1907 publisearre boek "Extinct Birds", mar it bewiis fan it bestean fan dy aparte soarte is tige lyts. Dêrom moat de fioletara as in hypotetyske soarte beskôge wurde.

List fan blauwe ara's Blauwe ara's Ofbyld wittenskiplike namme Fryske namme Status bysûnderheden120px Anodorhynchus hyacinthinus hyasintara kwetsber120px Anodorhynchus leari indigo ara bedrige120px Ara chloropterus blaugrize ara † nei alle gedachten foar 1950 útstoarn;offisjele IUCN-status: krityk 120px Anodorhynchus purpurascens fioletara † hypotetyske soarte

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Pappegaai fan Afrika en de Nije Wrâld