thumb| Flagge fan Wâlterswâld De flagge fan Wâlterswâld is de flagge fan it doarp Wâlterswâld, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. De flagge waard yn 1996 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Trije like hege lingtebanen grien, giel en swart, oan de broekside belein mei in yn it giel, in omkearde wite heale moanne, yn it giel in blauwe sûkereiblom en yn it swart in giele ikel, pleatse yn de foarm fan in broekingstrijehoeke, wêrby it hert fan de blom op de punt fan de broekingstrijehoeke leit. Elk fan dy figuren binne yn de presyse ferhâlding fan de banen wêr se yn pleatst binne.

De kleuren komme út it wapen fan Wâlterswâld.

Symbolyk

Griene baan en heale moanne: ferwiist nei it gebiet dêr't it doarp yn leit: de Dokkumer Wâlden. Gouden baan: ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit. Sûkereiblom: ferwiist nei de sûkereifabryk yn de doarpskearnen. Swarte baan: ferwiist nei it fean yn de omkriten fan it doarp. Ikel: ferwiist nei de ikebeammen yn de omkriten fan it doarp.

Sjoch ek

Walterswâld Kategory:Wâlterswâld