thumb| Flagge fan Twizelerheide De flagge fan Twizelerheide is de flagge fan it doarp Twizelerheide, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 1999 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Ut de broektop wei snijd yn trije stikken, te begjinnen yn de broektop, fan grien, giel en read, sadanich dat de dielline tusken it read en it giel de ûnderkant fan de flagge ferdield yn twa stikken, dy't har ferhâlde as 4:1, en de dielline tusken it grien en it giel de flechtside ferdield yn twa stikken, dyit har ferhâlde as 10:3; yn it read in wite heideblom mei om it hert fjouwer lytse kroanblêden, oardere neffens in skeankrús, en fjouwer grutte tsjelkblêden, oardere neffens in rjocht krús; de hiele blom mei in hichte, gelyk oan 2/5 flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Twizelerheide.

Symbolyk

Read punt en heideblom: ferwize nei de heide yn it gebiet en dêrmei de plaknamme. Giele punt: stiet foar it izer fan de ploege. Griene punt: symboal foar de greiden yn de omkriten fan it doarp. Wite blom: herinnert oan de namme fan it doarp.

Sjoch ek

Twizelerheide Kategory:Twizelerheide