thumb| Flagge fan Nyegea De flagge fan Nyegea is de flagge fan it doarp Nyegea, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2002 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Yn fjouweren fan swart en grien; oer de diellinen in giel krús, dêr't de earmen in tsjokte ha fan 1/5 flaggehichte; it giele krús mei in ferkoart read krús, dêr't de earmen in tsjokte ha fan 1/50 flaggehichte en in totale hichte en breedte fan 2/5 flaggehichte; yn de broektop yn it midden in giele achtpuntige stjer.

De kleuren komme út it wapen fan Nyegea.

Symbolyk

Swarte fjilden: ferwize nei it eardere fean yn de omkriten fan it doarp. Griene fjilden: ferwize nei de greiden yn de omkriten fan it doarp. Giel krús: stiet foar de lizzing fan it doarp op in krusing fan diken. De gouden kleur ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit. Read krús: ferwizing nei de bebouwing fan it doarp en nei it plak fan de Herfoarme tsjerke fan Nyegea by de Nijegeasterhoeke. Achtpuntige stjer: ferwiist nei de buorskippen dy by it doarp hearre: Eibertsgeasten, Stienkampen, Nyegeaster Fennen, Hege Wei, Middelbuorren, Wierren, De Westerein en De Tike (hjoed-te-dei doarp).

Sjoch ek

Niegea Kategory:Nyegea