thumb| Wapen fan De Lemmer It wapen fan De Lemmer is it wapen fan de flekke De Lemmer, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren.

Skiednis De Lemmer is ien fan de Fryske plakken wêrfan in âld wapen oerlevere is. Dit wapen komt foar yn it wapenboek fan Andries Schoemaker út 1695. It wapen hat in ûnbekende skiednis, krekt sa as it wapen fan Lemsterlân, de gritenij en gemeente dêr't it plak eartiids part fan wie. De ôfbylding docht in soad tinken oan de leginde fan de Dannebrog, dêr't de flagge fan Denemark, skonken troch God, troch de wolken út de loft by fallen kaam. It is net bekend of't it om in tafallige oerienkomst giet of dat it komt troch skipfeart nei de Eastsee út De Lemmer wei.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn azuer in earm fan sulver, klaaid fan kiel, kommende út in wolk fan sulver, pleatst yn 'e lofterskyldrâne, en tillende in stôk fan sulver, wêroan in skeanlofts pleatste krúsfindel fan kiel, mei krús fan sulver.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, kiel (read). It skyld wurdt bedutsen troch in saneamde "flekke-kroan".

Symbolyk

Flagge: it krús op de flagge kin in religieuze ferwizing wêze. Kroan: it wapen wurd bedutsen troch in saneamde "flekke kroan", brûkt by wapens fan plakken mei stedske skaaimerken (flekke). De Lemmer hie in waach.

Sjoch ek

Kategory:De Lemmer Lemmer, De Kategory:De Lemmer