thumb| Flagge fan Kûbaard De flagge fan Kûbaard is de flagge fan it doarp Kûbaard, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2001 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Nei ûnderen skeand fan grien en read, mei oer alles hinne in giele broekingsskeanbaan mei in dikte fan 3/10 flaggehichte en yn it read in wite roas fan 2/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Kûbaard.
Symbolyk
Giele skeanbaan: stiet foar de Slachte. Grien fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp. Roas: ferwiist nei de poëzy fan dichteres Petronella Moens, berne yn Kûbaard. Read fjild: symboal foar de leafde foar taal.
Sjoch ek
Kubaard Kategory:Kûbaard