thumb| Flagge fan Allingawier De flagge fan Allingawier is de flagge fan it doarp Allingawier, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1969 registrearre.

It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.

By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Besteande út twa diagonale flakken yn it read en wyt linksskeand, mei yn it wyt in read pompeblêd. Oan de broekside de fersmelle flagge fan Wûnseradiel.

De kleuren komme út it wapen fan Allingawier.

Symbolyk

Pompeblêd: ferwiist nei de lizzing fan it doarp yn de provinsje Fryslân. Fersmelle flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.

Sjoch ek

Allingawier Kategory:Allingawier