De readbúkara of readbealchara (Orthopsittaca manilatus) is in pappegaaiesoarte en de iennige soarte fan it monotypyske skaai Orthopsittaca.
Beskriuwing De likernôch 46 sm lange fûgel weaget 300 gram. De kop en de nekke binne blau. Om 'e brune eagen, om 'e noas en op 'e wangen hat de fûgel oant de snaffel in giel, keal gebiet. Syn snaffel en poaten binne swart. It fearrekleed is meast grien en de fûgel hat lykas oare arasoarten in lange, puntige sturt. De namme hat de fûgel te tankjen oan it reade plak op syn búk. Tusken de meast griene wjukken binne ek blauwe kleuren, ûnder binne de wjukken by't skouder grien en foar de rest gieleftich.
Tusken mantsjes en wyfkes is gjin ûnderskied.
Fersprieding De soarte kom yn Súdeast-Fenezuëla, West-Kolombia, East-Perû, Noard-Bolivia, Trinidad, Guyana, Frânsk-Guyana, Suriname en Brazylje foar. De fûgel libbet yn palmbeammen ynsompige gebieten en oan rivieren.
Bûten de briedtiid is de fûgel yn lytse groepkes oant grutte kloften fan wol hûndert fûgels te sjen.
Nêst en iten thumb|left|Groepke readbúkara's. Yn Fenezuëla begjint de readbúkara yn maaie te brieden, yn Guyana yn febrewaris en yn Brazylje yn septimber. In pearke sûnderet him dy tiid ôf fan 'e groep om yn ôfstoarne palmbeammen te brieden. In nêst bestiet út 2 oant 3 aaien.
Se ite hast allinne fruchten fan 'e mauritius-palmbeam. Troch it iensidige dieet binne se lestich as kouwefûgel te hâlden.
Status Rûsd wurdt dat de fûgel rillik algemien foarkomt en de populaasje liket stabyl (2024). De IUCN beöardielet de status fan 'e fûgel as net bedrige.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pappegaai fan Afrika en de Nije Wrâld Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago